Advance Australia Fair
Advance Australia Fair is it folksliet fan Austraalje. It bestie oarspronklik út fjouwer fersen en waard yn Sydney yn 1878[1] skreaun troch de yn Skotlân berne komponist Peter Dodds McCormick. It waard it folksliet yn 1974[2] nei in stimming om in nij folksliet te kiezen. Der wiene fjouwer foarstelde nasjonale hymnen om op te stimmen en Advance Australia Fair wie de populêrste kar. De oare opsjes wiene Waltzing Matilda (in populêr Australysk folksferske), God Save the Queen (it Britske folksliet en de hjoeddeiske keninklike hymne) en The Song of Australia.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ingelske orizjinele tekst | Fryske oersetting |
---|---|
Australians all let us rejoice |
Skiednis fan 'e tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oarspronklike liet bestie út fjouwer fersen. Doe't it as folksliet oannaam waard, waard it tal fersen werombrocht ta twa.
Yn 'e 2010-er jierren en 2020-er jierren giene der stimmen op om de teksten te feroarjen om Australyske Aborizjinals ek erkenning yn it folksliet te jaan. In regel fan bysûndere soarch wie "For we are young and free", om't de Aborizjinals Austraalje al mear as 60.000 jier bewenne hiene foar de Earste Float (mei Britske kolonisten) yn 1788 yn Austraalje oankaam. Yn desimber 2020 stelde de premier fan Nij-Súd-Wales Gladys Berejiklian foar om it wurd "young" te feroarjen yn "one" om lânseigen Australiërs wer te jaan. De wiziging waard goedkard troch de doetiidske minister-presidint Scott Morrison en gûverneur-generaal David Hurley en waard offisjeel fan krêft op 1 jannewaris 2021.[3][4]
It liet is ek oerset yn in protte talen, lykas it Sineesk (de op ien nei meast sprutsen taal yn Austraalje) en ferskate lânseigen talen, lykas it Darûk (Dharug) út 'e omkriten fan Sydney (twa kear).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |